Omroplûden
Tûzenen oeren oan âlde radio- en telefyzjeopnamen fan Omrop Fryslân binne digitalisearre. Wolle jo helpe mei it digitaal meitsjen fan de hoezen fan de lûds- en fideobannen?
Stân fan saken
- 7.279 Scans
- 139 Dielnimmers
-
6.881
- 2.4% Unbrûkber
- 94.5% DûbelYnfierd
- 91.4% Neisjoen
-
6.654
- 2.4% Unbrûkber
- 94.5% DûbelYnfierd
- 91.4% Neisjoen
Projektynfo
Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. Omrop Fryslân makket radio en telefyzje yn it Frysk. Dêrmei is de omrop de ienige stjoerder fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert.
Omrop Fryslân is in sterk merk en fan betsjutting foar de Fryske mienskip as medium dat de kultuer en de mienskipssin yn de provinsje fersterket. De stjoerder makket boppedat dokumintêres en skoaltelefyzjeprogramma’s foar de lanlike publike omrop en hja is de saneamde kalamiteitestjoerder foar Fryslân.
Projekt Omroplûden
De regionale stjoerder Omrop Fryslân hat in grut tal audio- en fideobannen digitalisearje litten yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfguod, Redbot neamd. Redbot is in mearjierrich digitalisearringsprogramma foar Frysk erfguod, dat finansiere wurdt troch de provinsje Fryslân as ûnderdiel fan it wurkgelegenheidsprogramma Wurkje foar Fryslân. Alle ynformaasje oer dit grutte mearjierrenplan kinne jo lêze op www.redbot.frl.
In grut part fan wat de Omrop de lêste 40 jier op de radio útstjoerd hat, is opnommen op audiobannen. Der kin fan alles op stean, fan komplete programma’s oant koarte ynterviews of muzyk. Op de fideobannen stiet saneamd rûch materiaal dat bewarre is om opnij brûke te kinnen.
By it digitalisearjen fan dizze bannen binne de bânhoezen mei ynformaasje en de yndeksfellen ek scand. De hoezen binne beskreaun mei de typmasjine en mei de hân, de iene hoes is dúdliker lêsber as de oare.
Yn dit Fryske Hannen-projekt wolle wy jim frege om te helpen om dizze ynformaasje te ûntsluten. Troch it oertypen fan de ynformaasje kin aansens útstjoerd materiaal sa presintearre en trochsocht wurde op in webside. Programma's as Aktualiteiten, Skoalleradio en De Koperen Tún, tegearre mei al dy nammen fan bekende en ûnbekende Friezen, meitsje dit projekt in feest fan werkenning.
Foar al it materiaal jildt dat de scande ynformaasje dy’t ûntsluten (oertypt) wurde moat, útien rint fan hast folslein útskreaun oant hiel summier. De útdaging fan dit projekt leit yn de fariearde foarmen fan de bânhoezen en yndeksfellen, dy’t lang om let strukturearre ynformaasje opsmite moatte foar it online tagonklik meitsjen fan de audiobannen. Dat betsjut dat wa’t dat wol, aansens fia ynternet sykje kin yn dit part fan it lûdsargyf fan de Omrop.
Omrop Fryslân brûkt de gegevens ek yn in yntern systeem om tagong te krijen ta it materiaal. Mooglik smyt dat wergebrûk of werhellings op fan nijsgjirrige fynsten.
FAME: de Fryske spraakwerkenner
Ien fan de tapassingen dy't mooglik binne as wy aansens alle gegevens (metadata) sammelje hawwe, is yn it projekt FAME. FAME stiet foar Frisian Audio Mining Enterprise. Fan ’e measte opnamen witte wy aansens de datum, de namme en it ûnderwerp fan it programma. Mar dêrmei witte wy noch net krekt wêr’t it oer gie, wat der sein waard en wa’t oan it wurd kamen. Om dat op te lossen hat Omrop Fryslân in berop dien op ’e taal- en spraaktechnologen fan ’e Radboud Universiteit yn Nijmegen.
It doel is om software te ûntwerpen dy’t spraak werkent en yn skreaune tekst omset. It lestige is dêrby dat de útstjoeringen fan Omrop Fryslân gauris twatalich binne. Frysk en Nederlânsk wurde trochinoar brûkt.
It idee is om in spraakwerkenner te meitsjen dy’t beide talen “ferstiet”. Boppedat is it de bedoeling dat de sprekker werkend wurdt. Dizze spraak- en sprekkerswerkenning sil in soad gegevens opsmite. Dêrom moat ek in sykprogramma ûntwurpen wurde dêr’t de brûkers maklik mei sykje kinne. En dêrfoar binne de gegevens út FryskeHannen nedich!
FAME is in projekt fan Omrop Fryslân, Radboud Universiteit (Centre for Speech and Language Recognition), Fryske Akademy, Gridline en Tresoar. Mear ynformaasje oer dit projekt kinne jo fine op de tydlike site www.fame.frl.
Ynstruksjes en foarkarren
De ynstruksjes foar it projekt kinne jo fine yn de rjochterkolom under it kopke Oan de slach. Dizze hantlieding kinne jo as pdf binnenhelje. Wolle jo us helpe, klik dan op Meidwaan oan dit projekt.
Sadree at jo ynskriuwn stean, kinne jo begjinne. Klik op Ynfiere en de earste scan ferskynt.
Beleaning
Oan de ynfier en kontrôle fan de gegevens wurde punten takend. Jo kinne bygelyks in aardige Omrop-attinsje fertsjinje. Oan de ein fan it projekt krije jo in rûnlieding troch it Omrop-gebou en de studio’s. Mear ynformaasje hjiroer folget noch.
Wolle jo helpe mei it digitaal meitsjen fan de hoezen fan de Omrop Fryslân-lûds- en fideobannen?
Gearwurking Omrop Fryslân en Tresoar op FryskeHannen.frl
FryskeHannen is in crowdsourcingwebsite fan Tresoar dêr’t eltsenien syn digitalisearre kolleksjes foar ûntsluting oanbiede kin oan it grutte publyk. Omrop Fryslân makket dêr no gebrûk fan troch dizze scans fan audio- en fideobannen foar te lizzen oan de ynfierders en help te freegjen by it beskriuwen.
De meiwurkers van it Omrop-argyf witte as gjin oar wa't de persoanen binne op de etiketten, wat in ôfkoarting op de scan betsjutte kin en of in bepaalde letter no wol of net op de korrekte plak stiet. Oars as by eardere projekten op FryskeHannen sille de projektbehearders dus net fan Tresoar komme, mar fan de Omrop sels.
Fragen oer de ynfier kinne jo altyd kwyt op it foarum fan it projekt, dat jo fine kinne ûnder tabblêd 'Berjochten'. Titia en Saapke fan de Omrop sille dan harren bêst dwaan om jim fragen sa gau as mooglik te beantwurdzjen. Hawwe jim oare fragen of opmerkingen, dy't jo leaver net op it foarum delsette wol? Dan kinne jo dy maile nei argyf@omropfryslan.nl.
Filmke!
Hjoed-de-dei is de Omrop in echt multymediabedriuw. De Omrop docht folop mei oan alle fernijjingen op it mêd fan nije media en digitalisearring. Sa is de Omrop warber op platfoarms as YouTube, Facebook en Instagram en hat de stjoerder ek in eigen app foar smartphones en tablets.
Wolle jo mear witte oer de ûntjouwing fan dit bedriuw? Mei it lytse filmke hjirûnder witte jo yn fiif minuten alles oer de skiednis fan Omrop Fryslân, fan Regionale Omroep Noord (RON) yn 1946 oant en mei hjoed!