Radio-argyf Omrop Fryslân online beskikber, mei tank oan FryskeHannen

2300 oeren oan âlde radio-opnamen fan Omrop Fryslân binne no online te finen. Mei it Omroplûden-projekt fan FryskeHannen hawwe jim in grutte bydrage levere. Bart Kingma hat hjir in dokumintêre oer makke, 'Praat (noch) mar Frysk', dy't jo no weromsjen kinne.

15 oktober 2018

De Alvestêdetocht yn 1987, de reportaazje yn eigen doarp of it petear mei omke. Fan snein 14 oktober ôf binne 2300 oeren oan âlde radio-opnamen fan Omrop Fryslân online te finen. Yn gearwurking mei Tresoar, de Fryske Akademy, de Radboud Universitet en Gridline is de ôfrûne 3,5 jier wurke oan in digitaal radio-argyf. Foar it digitalisearjen is in twatalige spraakwerkenningsmasine ûntwikkele; de earste yn 'e wrâld. It radio-argyf is fan snein ôf te finen op Omropfryslan.nl ûnder it kopke radio.

Om't it radiomateriaal fan Omrop Fryslân út Frysk- en Nederlânsktalich materiaal bestiet wie in twatalige spraakwerkenningsmasine nedich. Yn gearwurking mei de Radboud Universiteit is dy masine ûntwikkele.Troch dy masine kin sawol op Fryske as op Nederlânske wurden socht wurde yn it argyf, mei itselde resultaat.

'Praat (noch) mar Frysk'
Mei de twatalige spraakwerkenningsmasine hat Fryslân in wrâldprimeur te pakken. De masjine stiet sintraal yn de Fryslân DOK-dokumintêre 'Praat (noch) mar Frysk'. Mei help fan de masine kin no foar it earst taalkundich ûndersyk dien wurde nei hoe't de Fryske sprektaal har yn de jierren ûntwikkele hat. De spraakwerkenning kin ek de basis foarmje foar takomstige nije ûntwikkelingen, bygelyks yn de foarm fan in Fryske Siri.

Mei it FryskeHannen-projekt 'Omroplûden' is in grutte bydrage levere oan it trochsykber meitsjen fan it argyf. Bart Kingma, de dokumintêremakker, is spesjaal hjirfoar op besite west by Eelke Feenstra (FH-namme: Feenstra), ien fan de trochsetters yn dit sa no en dan drege projekt. Hy fertelt oer syn motivaasje om yn te helpen mei it ynfieren en lit sjen hoe't it wurket.

Klik hjir om de dokumintêre werom te sjen.

(*yn in eardere mailing nei de dielnimmers stie dat 'Veens' as ynfierder in de dokumintêre foarkaam; dat wie in fersin. Eelke Feenstra wie de korrekte namme.)