Trochstart Omroplûden!

De argivaris kaam yn de krochten fan it Omrop Fryslân-gebou noch in doas tsjin. Oan ús freget de Omrop om te helpen om ek dy stikken digitaal tagonklik te meitsjen. Helpe jo wer mei?

6 juny 2018

It projekt Omroplûden giet wer fan start! Tegearre kinne wy derfoar soargje dat aansens it folsleine audio-argyf fan de Omrop trochsykber is: op sprekker, presintator, programmanamme of ûnderwerp. Al dy âlde reportaazjes, fan soms wol 50 jier lyn, kinne jo dan thús fine en belústerje.

Jo kinne ynlogge op www.fryskehannen.frl mei itselde akkount as yn it begjin. Slagget dat net, lit it ús dan witte. Us kontaktgegevens stean op de website. Jo meie dit berjocht fansels ek trochstjoere nei ien dy't miskien ek wol ynteresse hat om mei te wurkjen.

De Omrop fersoarget fansels wer in oantal leuke presintsjes foar de hurde wurkers. Wy hoopje op jim entûsjasme!! Wy gean der wer foar!