Projekt Omroplûden is klear... en krijt in ferfolch!

Nei in flinke einsprint stie it projekt ynienen op 100%! Geweldich dien! Undertusken fûn de Omrop ynienen noch 2500 lûdsbannen yn it depot, dus ynkoarten kinne wy it Omroplûden-projekt opnij opstarte.

7 maart 2018

Minsken, wat hawwe jim hurd wurke oan dit nijsjirrige, mar ek sa no en dan drege projekt! Dat it sa gau klear wêze soe, hiene wy neat tocht. Geweldich wurk hawwe jim dien!

Undertusken binne de Omrop-lûdsbannen werom út Brussel, wêr't it folsleine audio-argyf digitalisearre is yn it kader fan it Fryske erfguodplan Redbot/ Deltaplan Digitalisering. By it weromsette fan de bannen kaam de argyfmeiwurker fan de Omrop noch 2500 bannen tsjin. De etiketten dêrfan soene einliks ek mei moatte yn it digitale syksysteem fan de Omrop, want dan kin eltsenien aansens lekker digitaal sneupe yn it lûdsargyf...!

Dit betsjut dat it Omroplûden-projekt noch in lyts ferfolch krijt. Ynkoarten sille wy jim dêr oer ynformearje.

--------------

Mensen, wat hebben jullie hard gewerkt aan dit interessante, maar ook zo nu en dan moelijke project! Dat het al zo gauw klaar zou zijn, hadden wij nooit gedacht. Geweldig werk hebben jullie geleverd!

Ondertussen zijn de Omrop-geluidsbanden terug uit Brussel, waar het volledige audioarchief gedigitaliseerd is in het kader van het Fryske erfgoedplan Redbot/ Deltaplan Digitalisering. Bij het terugzetten van de banden in de kast kwam de archiefmedewerker van de Omrop nog eens 2500 banden tegen. De etiketten daarvan zouden eigenlijk ook mee moeten in het digitale zoeksysteem van de Omrop, want dan kan iedereen straks lekker digitaal sneupen in het geluidsarchief...!

Dit betekent dat het Omroplûden-projekt nog een klein vervolg krijgt. Binnenkort zullen wij jullie daarover informeren.

[Foto: Ferslachjouwer Eelke Lok fan Omrop Fryslân praat mei foarsitter Sipkema fan de Vereniging De Friesche Elf Steden; de 13e Tocht der Tochten kin noch net trochgean. (Foto W. Walta; jannewaris 1985; Tresoar/ Fries Fotoarchief no. 33249; CC0)