FryskeHannen
Wat is FryskeHannen?

 Wat is FryskeHannen?

FryskeHannen is in online platform dêr’t argiven en musea scans of foto’s op oanbiede kinne, sadat de crowd, ‘it grutte publyk’, dy better tagonklik meitsje kinne. FryskeHannen is in inisjatyf fan Tresoar, it platfoarm wurdt boud en ûnderhâlden troch Picturae.

 

 Wat is FryskeHannen?

FryskeHannen is een online platform waarop archieven en musea scans of foto's kunnen aanbieden, zodat de crowd, ‘het grote publiek’, deze beter toegankelijk kan maken. FryskeHannen is een initiatief van Tresoar, het platform wordt gebouwd en onderhouden door Picturae.

Hoe werkt FryskeHannen?

 Hoe wurket FryskeHannen?

Elkenien dy’t wol, kin him fergees oanmelde by FryskeHannen. Elke brûker krijt in eigen profylside en kin oan ‘e slach mei it yndeksearjen fan scans. It yndeksearjen fan scans kin fergoede wurde mei punten. Wat jo mei dy punten dwaan kinne is foar elk projekt ferskillend. Mear ynformaasje dêroer fine jo op de projektside fan it oanbelangjende projekt. Dat is berikber fia it menu-item ‘Projekten’.

Argiven dy’t scans fan argyfstikken fia it platform yndeksearje, tagge, selektearje of keppelje wolle, kinne dêrfoar kontakt opnimme mei it projektteam FryskeHannen by Tresoar. Sjoch dêrfoar de kontaktside.

 Hoe werkt VeleHanden?

Iedereen die wil, kan zich gratis aanmelden bij FryskeHannen. Elke gebruiker krijgt een eigen profielpagina en kan scans gaan indexeren. Tegenover het indexeren van scans kan een vergoeding staan in de vorm van punten. Wat u met die punten kan doen verschilt per project. Meer informatie daarover vindt u op de projectpagina van het betreffende project. Deze is bereikbaar via het menu-item "Projecten".

Archieven die scans van archiefstukken via het platform willen laten indexeren, taggen, selecteren of koppelen kunnen daarvoor contact opnemen met het projectteam FryskeHannen van Tresoar. Zie hiervoor de contactpagina.

Hoe kan ik me aanmelden bij FryskeHannen?

 Hoe kin ik my oanmelde by FryskeHannen?

Elkenien dy’t wol, kin mei de knop ‘Oanmelde’ (rjochtsboppe op de side) in account oanmeitsje. Underfining is net nedich. By it oanmelden binne allinne jo e-mailadres, namme en in keazen displaynamme ferplichte om yn te foljen. Jo wurde op de website allinne bekend ûnder jo displaynamme, dus jo kinne ek anonym yndeksearje.

 Hoe kan ik me aanmelden bij FryskeHannen?

Iedereen die wil, kan via de knop ‘Aanmelden’ (rechts boven op de pagina) een account aanmaken. Ervaring is niet vereist. Bij het aanmelden zijn alleen uw e-mailadres, naam en een gekozen displaynaam verplicht om in te vullen. U wordt op de website alleen bekend onder uw displaynaam, dus u kunt ook anoniem indexeren.

Waarom moet ik bij het aanmaken van een account persoonlijke gegevens invullen?

 Wêrom moat ik by it oanmeitsjen fan in account persoanlike gegevens ynfolje?

Net elkenien hat der nocht oan om priveegegevens yn te foljen by in account op ynternet. Wat ús oanbelanget hat elkenien rjocht op privacy, ek online. It ynfoljen fan jo persoanlike gegevens by jo account, lykas bertedatum of wenplak, is dêrom net ferplichte. As jo se ynfolje, wurde se toand op de dielnimmersside, sadat oaren sjen kinne wa’t der noch mear meidocht. Mar jo meie se ek weilitte. Wa’t anonym meidwaan wol, kin sels in displaynamme kieze. In jildich e-mailadres is wol in foarwearde om meidwaan te kinnen op FryskeHannen. Dat brûke we om jo op de hichte te hâlden fan it nijs (as jo dat wolle) of as der in probleem is mei jo account. It e-mailadres wurdt net toand op de website en is allinne foar de behearders sichtber.

 Waarom moet ik bij het aanmaken van een account persoonlijke gegevens invullen?

Niet iedereen vindt het prettig om privégegevens in te vullen bij een account op internet. Wat ons betreft heeft iedereen recht op privacy, ook online. De persoonlijke gegevens die u kan invullen bij uw account, zoals geboortedatum of woonplaats, zijn daarom niet verplicht. Als u ze invult, worden ze getoond op de deelnemerspagina, zodat anderen kunnen zien wie er nog meer meedoet. Maar u mag ze ook leeg laten. Wie anoniem wil meedoen kan zelf een displaynaam kiezen. Een geldig e-mailadres is wel een voorwaarde om mee te kunnen doen op FryskeHannen. Dat gebruiken we om u op de hoogte te houden van het nieuws (als u dat wil) of als er een probleem is met uw account. Het e-mailadres wordt niet getoond op de website en is alleen voor de beheerders zichtbaar.

Kan ik ook invoeren als ik niet ben aangemeld/ ingelogd?

 Kin ik ek ynfiere as ik net oanmeld/ynlogd bin?

It is net mooglik om sûnder account te yndeksearjen. Jo kinne dan allinne it yndeksearfoarbyld ynfiere.

 Kan ik ook invoeren als ik niet ben aangemeld/ ingelogd?

Het is niet mogelijk om zonder account te indexeren. U kunt dan alleen het indexeervoorbeeld invoeren.

Hoe kan ik mijn profielgegevens aanpassen?

 Hoe kin ik myn profylgegevens oanpasse?

De gegevens fan jo profyl kinne jo sels oanpasse. As jo ynlogge, komme jo op jo saneamde dashboardside. Dêr fine jo ûnder jo profylfoto en displaynamme de tekst ‘Profyl oanpasse’. As jo dêrop klikke, ferskine jo gegevens yn byld en kinne jo jo wiziging trochfiere.

 Hoe kan ik mijn profielgegevens aanpassen?

De gegevens van uw profiel kunt u zelf aanpassen. Wanneer u inlogt, komt u op uw zogenaamde dashboardpagina. Daar vindt u in de bruin/oranje balk onder uw profielfoto en displaynaam de blauwe knop ‘Profiel aanpassen’. Als u hierop klikt, verschijnen uw gegevens in beeld en kunt u uw wijziging doorvoeren. Hier kunt u ook uw e-mailadres en wachtwoord wijzigen.

Hoe werkt aanmelden via een derde partij?

 Hoe wurket oanmelden fia in tredde partij?

As jo in account oanmeitsje op FryskeHannen, kinne jo sels in e-mailadres opjaan en in wachtwurd betinke. Mar as jo al in account ha by bygelyks Google of Facebook, kinne jo jo ek mei dat account by FryskeHannen oanmelde. FryskeHannen stipet dêrfoar Google, Facebook Yahoo, Twitter en OpenID.

Op dy manier hoege jo minder ferskillende wachtwurdkombinaasjes te ûnthâlden. En as jo al ynlogd binne op dy eksterne website, hoege jo net opnij jo wachtwurd yn te foljen as jo ynlogge op FryskeHannen. Jo wachtwurd fan dy eksterne website wurdt trouwens net trochjûn oan FryskeHannen.

Om jo oan te melden fia in tredde partij geane jo ienfâldichwei nei Ynlogge, en klikke jo op it ikoantsje fan de site dêr’t jo mei ynlogge wolle (Facebook, Google, ensf). Jo wurde dan automatysk oanmeld by FryskeHannen. De earste kear dat jo fia dy eksterne site ynlogge, wurdt jo frege in tal fjilden yn te foljen foar jo account by FryskeHannen.

De technyk dy’t it mooglik makket om yn te loggen fia in oare website hyt OpenID. Dat is in populêre webstandert, mear ynformaasje dêroer fine jo op Open-ID.net (Ingelsktalich)

.

 Hoe werkt aanmelden via een derde partij?

Als u een account aanmaakt op FryskeHannen kunt u zelf een e-mailadres opgeven en een wachtwoord verzinnen. Maar als u al een account heeft bij bijvoorbeeld Facebook, kunt u zich ook met dat account bij FryskeHannen aanmelden. FryskeHannen ondersteunt hiervoor Google, Facebook Yahoo, Twitter en OpenID

Op deze manier hoeft u minder verschillende wachtwoordcombinaties te onthouden. En als u al ingelogd bent op die externe website, hoeft u niet opnieuw uw wachtwoord in te vullen als u inlogt op FryskeHannen. Overigens wordt uw wachtwoord van die externe website niet doorgegeven aan FryskeHannen.

Om u aan te melden via een derde partij gaat u simpelweg naar Ynlogge, en klikt op het icoontjes van de site waarmee u wil inloggen (Facebook, Google, et cetera). U wordt dan automatisch aangemeld bij FryskeHannen. De eerste keer dat u via die externe site inlogt, wordt u gevraagd een aantal velden in te vullen voor uw account bij FryskeHannen.

De techniek die het mogelijk maakt om in te loggen via een andere website heet OpenID. Dit is een populaire webstandaard, meer informatie daarover vindt u op OpenID.net (Engelstalig).

Ik ben ingelogd via een derde partij en wil mijn wachtwoord aanpassen. Kan dit?

 Ik bin ynlogd fia in tredde partij en wol myn wachtwurd oanpasse. Kin dat?

Ja, dat kin, mar dan wol by de website dêr’t jo jo account oarspronklik registrearren, bygelyks Facebook, Twitter of Google. Op FryskeHannen kinne allinne wachtwurden feroare wurde dy’t hjir oanmakke binne.

  Ik ben ingelogd via een derde partij en wil mijn wachtwoord aanpassen. Kan dit?

Ja, dat kan, maar dan wel bij de website waar u uw account oorspronkelijk registreerde, bijvoorbeeld Facebook, Twitter of Google. Op FryskeHannen kunnen alleen wachtwoorden die hier zijn aangemaakt veranderd worden.

Hoe kan ik hulp vragen bij het invoeren?

 Hoe kin ik help freegje by it ynfieren?

As jo fragen ha oer in projekt, kinne jo terjochte op de berjochteside fan dat projekt. Om in fraach stelle te kinnen moatte jo ynlogd wêze. Op de projektside fan elk projekt fine jo in tab Berjochten. De berjochten binne yndield yn 3 kategoryen:

* Meidielingen: Dat binne nijsberjochten fan de projektbehearder. Jo kinne dêrop reagearje, mar jo kinne net sels in meidieling oanmeitsje. Hâld de meidielingen goed yn ‘e gaten foar it lêste nijs binnen it projekt.

* Fragen: Hjir kinne jo in fraach stelle. Jo kinne ek fragen fan oaren besjen en de antwurden dy’t dêrop jûn binne. As jo sels it antwurd op in fraach witte, meie jo fansels ek reagearje. As jo sels in fraach oanmeitsje wolle klikke jo op de knop ‘Pleats berjocht’.

* Tips: Hjir jouwe dielnimmers oan in projekt tips oan elkoar. Jo kinne dêrop reagearje. A jo sels in tip ha, kinne jo hjir in berjochtsje oanmeitsje. As jo in tip oanmeitsje wolle, klikke jo op de knop ‘Pleats berjocht’.

Op jo persoanlike side kinne jo alle berjochten sjen dy’t oanmakke binne sûnt jo foar it lêst ynlogd wiene. Dy fine jo troch rjochtsboppe-yn te klikken op jo namme. Jo komme dan op de side ‘Myn Profyl’. As jo dêr klikke op it tabblêd Berjochten, sjogge jo de berjochten sûnt de lêste logyn. Jo sjogge allinne de berjochten fan de projekten dêr’t jo oan meidogge. De berjochten fan projekten dêr’t jo net oan dielnimme, kinne jo besjen op de projektside fan it oanbelangjende projekt.

 Hoe kan ik hulp vragen bij het invoeren?

Als u vragen heeft over een project, kunt u terecht op de ‘Berichten pagina’ van dat project. Om een vraag te kunnen stellen moet u ingelogd zijn. Op de projectpagina van elk project vindt u een tab Berichten. De berichten zijn ingedeeld in 3 categorieën:

* Mededelingen: Dit zijn nieuwsberichten van de projectbeheerder. U kunt hier op reageren, maar u kunt niet zelf een mededeling aanmaken. Houd de mededelingen goed in gaten voor het laatste nieuws binnen het project.

* Vragen: Hier kunt u een vraag stellen. Ook kunt u vragen van anderen bekijken en de antwoorden die daarop zijn gegeven. Als u zelf het antwoord op een vraag weet, mag u natuurlijk ook reageren. Als u zelf een vraag wilt aanmaken klikt u op de blauwe knop ‘Plaats berjocht’.

* Tips: Hier geven deelnemers van een project tips aan elkaar. U kunt hierop reageren. Als u zelf een tip heeft kunt u hier een berichtje aanmaken. Wanneer u een tip wilt aanmaken klikt u op de blauwe knop ‘Plaats bericht’.

Op uw persoonlijke pagina kunt u alle berichten zien die zijn aangemaakt sinds u voor het laatst was ingelogd. Deze vindt u door rechts bovenin te klikken op uw naam. U komt dan op de pagina ‘Myn Profyl’. Als u daar klikt op het tabblad Berjochten, ziet u de berichten sinds de laatste login. U ziet alleen de berichten van projecten waar u aan mee doet. De berichten van projecten waar u niet aan deelneemt, kunt u bekijken op de projectpagina van het betreffende project.

Welke browser (Internet Programma) kan ik het beste gebruiken?

 Watfoar browser (Ynternet Programma) kin ik it bêste brûke?

FryskeHannen wurket mei de measte browsers. Wy advisearje om gebrûk te meitsjen fan Firefox of Google Chrome. Internet Explorer wurket ek, mar allinne ferzy 9 of heger. Tink derom: Internet Explorer 8 wurdt net stipe.

It is altyd oan te rekommandearjen om jo browser up te daten nei de lêste ferzy. Om te checken watfoar browser jo brûke kinne jo sjen op browser checker.

 Welke browser (Internet Programma) kan ik het beste gebruiken?

FryskeHannen werkt met de meeste browsers. Wij adviseren het gebruik van Firefox of Google Chrome. Internet Explorer werkt ook, maar alleen versie 9 of hoger. Let op: Internet Explorer 8 wordt niet ondersteund.

Het is altijd aan te bevelen om uw browser up te daten naar de laatste versie. Om te checken welke browser u gebruikt kunt u kijken op browser checker.

Hoe kan ik de nieuwsbrief van FryskeHannen ontvangen / stopzetten?

 Hoe kin ik de nijsbrief fan FryskeHannen ûntfange/ stilsette?

By it oanmelden op FryskeHannen ha jo oanjaan kinnen oft jo de nijsbrief fan FryskeHannen ûntfange wolle. Mochten jo de nijsbrief al ûntfange wolle of krekt stilsette, dan kinne jo klikke op jo namme rjochtsboppe op de website. Jo klikke dêrnei op ‘Profyl oanpasse’. Dêr kinne jo ûnderoan de side oanfinke oft jo de nijsbrief al of net ûntfange wolle en jo wizigingen opslaan.

 Hoe kan ik de nieuwsbrief van VeleHanden ontvangen / stopzetten?

Bij het aanmelden op FryskeHannen heeft u kunnen aangeven of u de nieuwsbrief van FryskeHannen wilt ontvangen. Mocht u de nieuwsbrief alsnog willen ontvangen of juist stopzetten, dan kunt u klikken op uw naam rechtsboven op de website. U klikt daarna op ‘Profyl oanpasse’ in de balk op het scherm. Hier kunt u onderaan de pagina aanvinken of u de nieuwsbrief wel of niet wilt ontvangen en uw wijzigingen opslaan.

Invoeren en controleren
Hoe begin ik met invoeren?

 Hoe begjin ik mei ynfieren?

Jo kinne jo oanmelde foar it troch jo winske projekt. As jo dat dien ha, kinne jo op de projektside klikke op de knop ‘Ynfiere’. Dêrmei starte jo it ynfieren.

Klik op de knop ‘ynfiere’ om it ynfieren te starten, mar lês earst sekuer de ynfierynstruksjes fan it oanbelangjende projekt. Dy kinne jo fine op de ‘Projekt-ynfo’-side fan it oanbelangjende projekt of downloade binnen it ynfierskerm.

De oare ynstruksjes en knoppen foar it algemiene gebrûk fan FryskeHannen binne te finen yn de hantlieding. Dy kinne jo fine oan de rjochterkant fan de helppagina. Troch te klikken op de knop ‘Download hantlieding’ iepenet de hantlieding. Dêr wurdt FryskeHannen stap foar stap yn taljochte.

 Hoe begin ik met invoeren?

U kunt zich aanmelden voor het door u gewenste project. Wanneer u dit gedaan heeft kunt u op de projectpagina klikken op de knop ‘Ynfiere’. Hiermee start u het invoeren.

Klik op de knop 'Ynfiere’ om het invoeren te starten, maar lees eerst zorgvuldig de invoerinstructies van het betreffende project. Deze zijn te vinden op de ‘Projekt-ynfo’-pagina van het betreffende project of kunt u downloaden binnen het invoerscherm.

De overige instructies en knoppen voor het algemene gebruik van FryskeHannen zijn te vinden in de handleiding. Deze kunt u vinden aan de rechterkant van de helppagina. Door te klikken op de blauwe knop ‘Download handleiding’ opent de handleiding. Hierin wordt FryskeHannen stap voor stap toegelicht.

Kan ik mijn eigen invoer nog verbeteren?

 Hoe kin ik myn ynfier noch ferbetterje?

It is net mooglik om ferbetteringen oan te bringen yn scans dy’t jo yndeksearre ha. Dat soe namentlik betsjutte dat we fan alle ynfierders meardere scans iepen stean litte moatte, dêr’t it ynfieren troch fertrage wurdt. Mar it is gjin probleem as jo in kear in fout meitsje! Dy komt wol boppe wetter by de kontrôle.

 Kan ik mijn eigen invoer nog verbeteren?

Het is niet mogelijk om verbeteringen aan te brengen in scans die u heeft geïndexeerd. Dit zou namelijk betekenen dat we van alle invoerders meerdere scans open moeten laten staan, waardoor het invoeren vertraagd wordt. Maar het is niet erg als u een keer een fout maakt! Die komt wel boven water bij de controle.

Waarvoor dient de knop 'Opmerklik'('Opmerkelijk')?

 Wêr tsjinnet de knop ‘Opmerklik’ foar?

Mei de knop ‘Opmerklik’ kinne jo in berjochtsje stjoere nei de projektbehearder. Jo kinne melde wat der bysûnder is oan dy scan. Stier der in beroemd persoan op de scan of is der wat oars oan de hân? De projektbehearder sjocht hoe’t hy de ynstjoerde opmerkingen behannelet. Somtiden wurdt reagearre per mail, somtiden wurdt der in berjochtsje op de berjochteside pleatst. Faak wurdt nei oanlieding fan de opmerking allinnich in korreksje oanbrocht.

 Waarvoor dient de knop 'Opmerklik' ('Opmerkelijk')?

Met de knop ‘Opmerklik’ kunt u een berichtje sturen naar de projectbeheerder. U kunt melden wat er bijzonder is aan deze scan. Staat er een beroemde persoon op of is er iets anders aan de hand? De projectbeheerder beslist hoe hij de ingezonden opmerkingen behandelt. Soms wordt gereageerd per mail, soms wordt er een berichtje op de berichten-pagina geplaatst. Vaak wordt naar aanleiding van de opmerking alleen een correctie aangebracht.

Waarvoor dient de knop 'Te dreech' ('Te moeilijk')?

 Wêr tsjinnet de knop ‘Te dreech’ foar?

Wannear’t in scan te lestich foar jo is om yn te fieren, nettsjinsteande de oanjûne foarkar, kinne jo gebrûk meitsjen fan de knop ‘Te dreech’. Wannear’t jo op dy knop klikke, wurdt de scan as ‘te muoilik’ markearre en krije jo in nije scan. De scan sil dan by twa oare ynfierders te lâne komme dy’t besykje sille de scan te yndeksearjen.

 Waarvoor dient de knop 'Te dreech' ('Te moeilijk')?

Wanneer een scan te lastig voor u is om in te voeren, ondanks de aangegeven voorkeuren, kunt u gebruik maken van de knop ‘Te dreech’. Wanneer u op deze knop klikt, wordt de scan als ‘te moeilijk’ gemarkeerd en krijgt u een nieuwe scan. De scan zal dan bij twee andere invoerders terechtkomen die de scan zullen proberen te indexeren.

Waarvoor dient de knop 'Unbrûkber' ('Onbruikbaar')?

 Wêr tsjinnet de knop 'Unbrûkber' foar?

It kin wêze dat jo in scan foar jo krije, dy’t net te yndeksearjen is. Dit kin bygelyks in kaft of skutblêd fan in boek wêze, of in scan dy’t fan sa’n minne kwaliteit is dat ynformaasje net te lêzen is. Yn dat gefal kinne jo kieze foar de knop 'Unbrûkber'. As jo op dy knop klikke, ferskynt der in pop-upskerm. Dêr moatte jo in reden yn opjaan (mei mooglike taljochting) wêrom’t de oanbelangjende scan net yn te fieren is. Neidat jo dy stap dien makke hawwe, krije jo in nije scan op jo skerm.

 Waarvoor dient de knop 'Unbrúkber' ('Onbruikbaar')

Het kan zijn dat u een scan voor u krijgt, die niet te indexeren is. Dit kan bijvoorbeeld een kaft of schutblad van een boek zijn, of een scan die van zo’n slechte kwaliteit is dat informatie niet te lezen is. In dat geval kunt u kiezen voor de knop 'Unbrûkber' (‘Onbruikbaar’). Als u op deze knop klikt, verschijnt er een pop-up scherm. Hierin dient u een reden op te geven (met eventuele toelichting) waarom de betreffende scan niet in te voeren is. Nadat u deze stap heeft afgerond krijgt u een nieuwe scan op uw scherm.

Kan ik zelf kiezen welke scan ik wil indexeren?

 Kin ik sels kieze watfoar scan ik yndeksearje wol?

Jo kinne sels kieze oan hokker projekt jo dielnimme wolle. Binnen ien projekt wurde de scans sûnder in foaropset plan útdield en kinne jo net kieze foar ien spesifike scan. Wol is it mooglik om jo foarkar foar bepaalde scans oan te jaan. Bygelyks as jo allinne scans ynfiere wolle foar in bepaalde perioade of in bepaalde regio. De kar dy’t jo meitsje kinne, ferskilt foar elk projekt. As it jo oanbelangjende projekt wurket mei foarkarsbepalingen foar de ynfierder of kontroleur, sjogge jo op de projektside it tabblêd ‘Foarkarren’ stean. Jo kinne dêr jo foarkarren oanjaan en opslaan. Dy foarkarren kinne jo op elk momint wer wizigje.

 Kan ik zelf kiezen welke scan ik wil indexeren?

U kunt zelf kiezen aan welk project u wilt deelnemen. Binnen één project worden de scans willekeurig uitgedeeld en kunt u niet kiezen voor één specifieke scan. Wel is het mogelijk om uw voorkeuren voor bepaalde scans aan te geven. Bijvoorbeeld wanneer u alleen scans wilt invoeren voor een bepaalde periode of een bepaalde regio. De keuzes die u kunt maken verschillen per project. Wanneer het voor uw betreffende project werkt met voorkeursbepalingen voor de invoerder of controleur ziet u op de projectpagina het tabblad ‘Foarkarren’ staan. U kunt hier uw voorkeuren aangeven en opslaan. Deze voorkeuren kunt u op ieder moment weer wijzigen.

Wat moet ik doen als de pagina niet laadt?

 Wat moat ik dwaan as de side net laadt?

It kin wêze dat de side mei de scan stadich laadt of hielendal net laadt en jo byld griis bliuwt. Yn sa’n gefal kinne jo de toetsen Ctrl %20 F5 tagelyk yndrukke. De side wurdt dan fernijd en de scan sil ferskine.

 Wat moet ik doen als de pagina niet laadt?

Het kan zijn dat de pagina met de scan langzaam of niet laadt en uw beeld grijs blijft. In zo'n geval kunt u de toetsen Ctrl %20 F5 tegelijk indrukken. De pagina wordt dan vernieuwd en de scan zal verschijnen.

Als ik een tijdje niet indexeer, blijft mijn werk dan behouden?

 As ik in skoftsje net mear yndeksearje, bliuwt myn wurk dan beholden?

De gegevens fan de scan dêr’t jo meie dwaande binne, wurde 24 oeren bewarre, sels wannear’t jo útlogge. Nei 24 oeren wurde de gegevens fuortsmiten en wurdt de scan oan in oare dielnimmer fan FryskeHannen útdield. Dit is om foar te kommen dat der scans ‘efterbliuwe’ dy’t dêrnei nea yntsjinne wurde. Scans dy’t jo yntsjinne hawwe, bliuwe fansels wol gewoan bewarre.

 Als ik een tijdje niet indexeer, blijft mijn werk dan behouden?

De gegevens van de scan waar u mee bezig bent, worden 24 uur bewaard, zelfs wanneer u uitlogt. Na 24 uur worden de gegevens weggegooid en wordt de scan aan een andere deelnemer van FryskeHannen uitgedeeld. Dit is om te voorkomen dat er scans ‘achterblijven’ die vervolgens nooit worden ingediend. Scans die u heeft ingediend blijven natuurlijk wel gewoon bewaard.

Hoe wordt de invoer gecontroleerd?

 Hoe wurdt de ynfier kontrolearre?

De wize fan ynfier en kontrôle kin foar elk projekt ferskille. By in soad projekten wurde alle gegevens twa kear ynfierd. Dat betsjut dat elke scan twa kear útdield wurdt, wêrnei’t de ynfierde gegevens automatysk mei elkoar ferlike wurde. As der ferskil is, wurdt de scan in tredde kear útdield, mar diskear oan in kontroleur. Dy beslist hokker ynfier de definitive wurdt. Hoe’t soks wurket foar it projekt dêr’t jo oan meidogge, kinne jo fine op de Projektside. Dy fine jo mei de menu-opsje ‘Projekten’.

 Hoe wordt de invoer gecontroleerd?

De wijze van invoer en controle kan per project verschillen. Bij veel projecten worden alle gegevens twee keer ingevoerd. Dit betekent dat iedere scan tweemaal wordt uitgedeeld, waarna de ingevoerde gegevens automatisch met elkaar worden vergeleken. Als er verschil is, wordt de scan een derde keer uitgedeeld, maar ditmaal aan een controleur. Deze beslist welke invoer de definitieve wordt. Als u wil weten hoe dit werkt voor het project waar u aan meedoet, kunt u dit vinden op de Projectpagina. Deze vindt u via de menu-optie 'Projekten'.

Hoe word je controleur?

 Hoe wurdt men kontroleur?

Omdat foar it kontrolearjen binnen FryskeHannen wat ûnderfining fereaske is, wurde yn it begjin fan it projekt meastal allinne de projektlieder of leden dy’t ûnderfining ha mei ynfier op FryskeHannen ynset as kontroleurs. As der ekstra kontroleurs nedich binne, wurdt dêr in oprop foar pleatst yn in nijsberjocht en/of as meidieling op de projektside fan it oanbelangjende projekt.

 Hoe word je controleur?

Omdat voor het controleren binnen FryskeHannen enige ervaring is vereist, worden in het begin van het project meestal alleen de projectleiders of leden die ervaring hebben met invoer op FryskeHannen ingezet als controleurs. Wanneer er extra controleurs nodig zijn, wordt daarvoor een oproep geplaatst in een nieuwsbericht en/of als mededeling op de projectpagina van het betreffende project.

Waarvoor dient de knop 'Rapportearje brûker' ('Rapporteer gebruiker')?

 Wêr tsjinnet de knop ‘Rapportearje brûker’ foar?

Foar kontroleurs is de mooglikheid tafoege om in melding te meitsjen as in brûker faak deselde fout makket. Dêrfoar is in knop tafoege op de kontrôleside: Rapportearje Brûker. De kontroleur kin dêrnei oanjaan wat der krekt oan de hân is (bygelyks: “Dizze brûker typt de famyljenamme yn it fjild Foarnamme”.). De melding giet nei de projektbehearder, en dy kin de brûker freegje om de famyljenamme tenei yn it krekte fjild te plakken.

 Waarvoor dient de knop 'Rapportearje brûker' ('Rapporteer gebruiker')?

Voor controleurs is de mogelijkheid toegevoegd om een melding te maken als een gebruiker vaak dezelfde fout maakt. Daarvoor is een knop toegevoegd op de controlepagina: ‘Rapportearje brûker’ (Rapporteer gebruiker). De controleur kan vervolgens aangeven wat er precies aan de hand is (bijvoorbeeld: “Deze gebruiker typt de achternaam steeds in het veld 'Voornaam'".) De melding gaat naar de projectbeheerder, en deze kan de gebruiker vragen om de achternaam voortaan in het juiste veld te plaatsen.

Hoe krijg ik de witte kaders uit het beeld van de viewer? (Mét handige sneltoetscombinaties!)

 Hoe krij ik de wite kaders út it byld fan de viewer? (Mei handige sneltoetskombinaasjes!)

Yn de viewer sit in tal ferburgen funksjonaliteiten dy’t ûngemurken mei sneltoetsen oanset wurde kinne. De meast foarkommende:
- Wite kaders (saneamde hotspots) kinne yn byld ferskine. Dy krije jo fuort troch earst op de scan yn de viewer te klikken en dêrnei de letter L yn te toetsen.
- De scan yn de viewer stiet op syn kant. Dat losse jo op troch earst op de scan yn de viewer te klikken en dêrnei [ yn te toetsen.
In folslein oersjoch fan alle sneltoetsen yn de FryskeHannen-viewer fine jo hjirûnder.

 Hoe krijg ik de witte kaders uit het beeld van de viewer? (Mét handige sneltoetscombinaties!)

In de viewer zit een aantal verborgen functionaliteiten die ongemerkt met sneltoetsen kunnen worden aangezet. De meest voorkomende:
- Witte kaders (zogenaamde hotspots) kunnen in beeld verschijnen. Deze krijgt u weg door eerst op de scan in de viewer te klikken en vervolgens de letter L in te toetsen.
- De scan in de viewer staat op zijn kant. Dit lost u op door eerst op de scan in de viewer te klikken en vervolgens [ in te toetsen.
Een volledig overzicht van alle sneltoetsen in de VeleHanden-viewer vindt u hieronder.

   Basisdiel toetseboerd  Basisgedeelte toetsenbord
  (*) As jo de CTRL-toets yndrukt hâlde, giet it ferpleatsen stadiger. As jo de SHIFT-toets yndrukt hâlde, giet it ferpleatsen flugger.
Toetsen kinne kombinearre wurde om it byld skean te ferpleatsen.
(*) Wanneer u de CTRL-toets ingedrukt houdt, gaat het verplaatsen langzamer. Wanneer u de SHIFT-toets ingedrukt houdt, verplaatst u sneller.
Toetsen kunnen gecombineerd worden om het beeld schuin te verplaatsen.
 ferpleats nei boppen *  verplaats naar boven *
 ferpleats nei ûnderen *  verplaats naar beneden *
→   ferpleats nei rjochts *  verplaats naar rechts *
←   ferpleats nei links *  verplaats naar links *
H  hân tool  hand tool
Z  zoom tool  zoom tool
 seleksje tool  selectie tool
 zoom út  zoom uit
 zoom yn  zoom in
 zoom passe  zoom passen
/  zoom 100%  zoom 100%
[  rotearje 90 graden  roteer 90 graden
]  rotearje -90 graden  roteer -90 graden
\  rotearje180 graden  rotearje180 graden
F/ESC  folslein skerm oan/ út  full screen aan/ uit
 N  navigator toane/ ferbergje  navigator tonen/ verbergen
 C  kleur oanpassing toane/ ferbergje  kleur aanpassing tonen/ verbergen
 L  hotspots toane/ ferbergje  hotspots tonen/ verbergen
   Nûmeryk diel toetseboerd  Numeriek gedeelte toetsenbord
/ zoom 100% zoom 100%
* zoom passe zoom passen
- zoom út zoom uit
%20 zoom yn zoom in
8 ferpleats nei boppen * verplaats naar boven *
2 ferpleats nei ûnderen * verplaats naar beneden *
6 ferpleats nei rjochts * verplaats naar rechts *
4 ferpleats nei links * verplaats naar links *
5 sintrear centreer
Hoe krijg ik de grijze vlakken over een scan in de viewer weg?

 Hoe krij ik de grize flakken oer in scan yn de viewer fuort?

It kost efkes tiid om in scan te laden yn de viewer. Somtiden komt it foar dat de scan net folslein ynladen wurdt. Jo sjogge dan grize flakken oer de scan. Dit komt benammen foar by stadige ynternetferbiningen. Yn dat gefal kinne jo it bêste klikke op “Tuskentiids Bewarje”. De scan wurdt dan opnij ynladen.

 Hoe krijg ik de grijze vlakken over een scan in de viewer weg?

Het kost even tijd om een scan te laden in de viewer. Soms komt het voor dat de scan niet in zijn geheel ingeladen wordt. Je ziet dan grijze vlakken over de scan. Dit komt vooral voor bij tragere internetverbindingen. In dat geval kunt u het beste klikken op 'Tuskentiids bewarje' ('Tussentijds bewaren'). De scan wordt dan opnieuw ingeladen.

Punten verdienen en verzilveren
Wat kan ik met mijn verdiende punten?

 Wat kin ik mei myn fertsjinne punten?

Op de projektside fan it oanbelangjende projekt kinne jo fine wat jo mei de fertsjinne punten dwaan kinne. Dat is foar elk projekt oars. Measttiids kinne jo de punten brûke foar it besjen en downloaden fan scans.

 Wat kan ik met mijn verdiende punten?

Op de projectpagina van het betreffende project kunt u vinden wat u met de verdiende punten kunt doen. Dat is per project verschillend. Meestal kunt u de punten gebruiken voor het bijwonen van een evenement (bijvoorbeeld een lezing) of het downloaden van scans.

Hoeveel punten krijg ik en wanneer krijg ik deze punten?

 Hoefolle punten krij ik en wannear krij ik dy punten?

It oantal punten dat jo fertsjinje is foar elk projekt oars. Dit kinne jo sjen op de projektside fan it oanbelangjende projekt. De punten dy’t jo fertsjinje mei it ynfieren, wurde direkt op jo account byskreaun. Dit kinne jo sjen op jo persoanlike side. Nei kontrôle fan jo scan krije jo ekstra punten taskreaun. Dit kin efkes duorje, ôfhinklik fan it oantal kontroleurs en it oantal ynfierders binnen in projekt.

 Hoeveel punten krijg ik en wanneer krijg ik deze punten?

Het aantal punten dat u verdient is per project verschillend. Dit kunt u zien op de projectpagina van het betreffende project. De punten die u verdient met invoeren, worden direct op uw account bijgeschreven. Dit kunt u zien op uw persoonlijke pagina. Na controle van uw scan krijgt u nog eens extra punten toegeschreven. Dit kan enige tijd duren, afhankelijk van het aantal controleurs ten opzichte van het aantal invoerders binnen een project.

Hoe maak ik een coupon aan?

 Hoe meitsje ik in kûpon oan?

Wy litte it foar jo iepen, foar hoefolle punten jo in kûpon oanmeitsje wolle. Dit om’t it tal punten dat per projekt en per produkt nedich is, ôfwike kin. Jo kinne punten omsette yn in kûpon wannear’t jo nei jo profylside gean en dêrnei op it tabblêd ‘punte-oersjoch’ of ‘punten’ klikke. Jo kinne dêr direkt hinne gean troch hjir te klikken. Op dy side kinne jo op ‘mear’ klikke njonken de punten dy’t jo by it projekt krigen ha. Wannear’t jo op ‘mear’ klikt hawwe, kinne jo it winske oantal punten oersette yn in kûpon mei de knop ‘meitsje’.

 Hoe maak ik een coupon aan?

Wij laten het voor u open, voor hoeveel punten u een coupon wilt aanmaken. Dit om het aantal benodigde punten per project en per product kan afwijken. U kunt punten omzetten in een coupon wanneer u naar uw profielpagina gaat en vervolgens op het tabblad ‘puntenoverzicht’ of ‘punten’ klikt. Op deze pagina kunt u op ‘meer’ klikken naast de punten die u bij het project heeft ontvangen. Wanneer u op ‘meer’ heeft geklikt, kunt u het gewenst aantal punten overzetten in een coupon met de knop ‘maak’.

Kan ik coupons annuleren?

 Kin ik kûpons annulearje?

It is net mooglik om sels kûpons te annulearjen. It komt hast nea foar dat it nedich is in kûpon te annulearjen, wy fine it dêrom gjin probleem om dit foar jo te regeljen. Wannear’t jo by fersin in kûpon ferkeard oanmakke hawwe, kinne jo in e-mail stjoere nei info@FryskeHannen.frl.

 Kan ik coupons annuleren?

Het is niet mogelijk om zelf coupons te annuleren. Het komt relatief weinig voor dat het nodig is een coupon te annuleren, wij vinden het daarom geen probleem om dit voor u te regelen. Wanneer u per ongeluk een coupon verkeerd heeft aangemaakt, kunt u een e-mail sturen naar info@velehanden.nl.

Kan ik punten verdiend bij project A bij project B verzilveren?

 Kin ik punten dy’t ik fertsjinne ha by projekt A fersulverje by projekt B?

It is spitigernôch net mooglik om punten dy’t fertsjinne binne by it iene projekt by it oare projekt te fersulverjen. Guon projekten wurde oanbean troch (of yn gearwurking mei) oare ynstellingen en dy bepale sels hoefolle punten de ynfierders krije en hokker beleaning dêr by heart.

 Kan ik punten verdiend bij project A bij project B verzilveren?

Het is helaas niet mogelijk om punten die verdiend zijn bij het ene project bij het andere project te verzilveren. Sommige projecten worden namelijk aangeboden door derden en elke aanbieder van een project bepaalt zelf hoeveel punten toegekend worden per invoer en welke beloning daaraan wordt gekoppeld,

Overige vragen
Staat uw vraag niet op de help-pagina?

 Stiet jo fraach net op de help-side?

Hawwe jo gjin antwurd op jo fraach fûn? Besykje it dan ris op de berjochteside fan it oanbelangjende projekt. Faaks is jo fraach hjir al ris steld.Jo kinne ek de hantlieding fan FryskeHannen rieplachtsjen. Dy kinne jo fine oan de rjochterkant fan de helpside. Troch te klikken op de knop ‘Download hantlieding’ iepenet de hantlieding. Dêryn wurdt FryskeHannen stap foar stap taljochte.

Hawwe jo noch hieltyd it antwurd op jo fraach net fûn of hawwe jo in oare fraach? Stjoer dy dan nei info@fryskehannen.frl.

 Staat uw vraag niet op de help-pagina?

Heeft u geen antwoord op uw vraag gevonden? Probeer het dan eens op de berichtenpagina van het desbetreffende project. Wellicht is uw vraag hier al eens gesteld. Ook kunt u de handleiding van FryskeHannen raadplegen. Deze kunt u vinden aan de rechterkant van de helppagina. Door te klikken op de knop ‘Download handleiding’ opent de handleiding. Hierin wordt VeleHanden stap voor stap toegelicht.

Heeft u nog steeds het antwoord op uw vraag niet gevonden of heeft u een andere vraag? Stuur deze dan naar info@fryskehannen.frl.