Oer FryskeHannen

Underfining is net nedich, allinne passy foar it ferline

Ynteresse yn skiednis? In passy foar it ferline? Of in leafhawwer fan stambeamûndersyk? Wurd dan frijwilliger op FryskeHannen! En help fanefter jo eigen computer, op in tiidstip dat it jo útkomt, mei it tagonklik meitsjen fan kolleksjes. Elkenien kin bydrage. Underfining is net nedich.

Wat is FryskeHannen?

FryskeHannen is in crowdsourcingwebsite fan Tresoar dêr’t eltsenien syn digitalisearre kolleksjes foar ûntsluting oanbiede kinne oan it grutte publyk. Doel is om it op dy manier mooglik te meitsjen in soad kolleksjes troch te sykjen en derfoar te soargjen dat se gau online komme. Omdat dit ‘yndeksearjen’ tige tiidrôvjend is, wurdt dêrfoar in berop dien op frijwilligers dy’t der nocht oan ha om mei histoaryske dokuminten oan ‘e slach te gean. Mei-inoar is it wurk ommers samar dien.

‘Wat is it dochs in aardichheid, niiskrekt ús pake yndeksearre. Is it net fantastysk!’

Wat wurdt der fan jo ferwachte?

De wurksumheden dêr’t fraach nei is, kinne foar elk projekt ferskille. Yn in soad gefallen giet it om it oertypen fan ynformaasje yn fjilden dy’t neist de scan te sjen binne, bygelyks: namme, datum, wenplak. Mar der binne ek projekten wêrby’t jo frege wurdt om foto’s te foarsjen fan in beskriuwing. Jo kinne sels kieze oan hokker projekt of projekten jo meidogge.
Alle scans wurde hyltyd twa kear útdield oan ferskillende dielnimmers, en dêrnei noch kontrolearre. In foutsje meitsje is dus net in ramp. Dêrneist kinne jo op it foarum terjochte mei fragen; oare frijwilligers en argivarissen fan de ynstellingen helpe jo dêr graach.

Wat krije jo derfoar werom?

Der binne dielnimmers by dy’t 20.000 scans op har namme stean ha. Mar der binne ek frijwilligers dy’t it aardich fine om sa no en dan ris in scan yn te fieren. It mei allegear. En elke muoite wurdt beleanne mei FryskeHannen-punten. Dy punten kinne jo by de ynstelling fan it projekt ynleverje foar in lytse fergoeding, bygelyks yn de foarm fan it downloaden fan scans of tagong ta in tentoanstelling.

Ek meidwaan?

Jo kinne jo oanmelde, in projekt kieze en begjinne!

Fragen?

Ha jo noch fragen of wolle jo wat mear witte oer FryskeHannen, sjoch dan op de kontaktside. Foar ûnderfiningen fan frijwilligers op FryskeHannen kinne jo de side ‘Dielnimmers oan it wurd’ besjen.

 Over FryskeHannen

Ervaring is niet nodig, alleen passie voor het verleden

Interesse in geschiedenis? Een passie voor het verleden? Of een liefhebber van stamboomonderzoek? Word dan vrijwilliger op FryskeHannen! En help vanachter uw eigen computer, op een tijdstip dat het u uitkomt, met het toegankelijk maken van collecties. Iedereen kan bijdragen. Ervaring is niet nodig.

Wat is FryskeHannen?

FryskeHannen is een crowdsourcingwebsite van Tresoar waar iedereen zijn gedigitaliseerde collecties ter ontsluiting kan aanbieden aan het grote publiek. Doel is om op deze manier veel collecties doorzoekbaar te maken en ervoor zorgen dat ze snel online komen. Omdat dit ‘indexeren’ uitermate tijdrovend is, wordt hiervoor een beroep gedaan op vrijwilligers die het leuk vinden om met historische documenten aan de slag te gaan. Vele handen maken immers licht werk.

‘Wat is het toch leuk, zojuist mijn grootvader geïndexeerd. Fantastisch toch!’

Wat wordt er van u verwacht?

De gevraagde werkzaamheden kunnen per project verschillen. In veel gevallen gaat het om het overtypen van informatie in velden die naast de scan te zien zijn, bijvoorbeeld: naam, datum, woonplaats. Maar er zijn ook projecten waarbij u wordt gevraagd om foto’s te voorzien van een beschrijving. U kunt zelf kiezen aan welk project of aan welke projecten u meedoet.
Alle scans worden steeds twee keer uitgedeeld aan verschillende deelnemers, en daarna nog gecontroleerd. Een foutje maken is dus niet erg. Daarnaast kunt u op het forum terecht met vragen, waar andere vrijwilligers en archivarissen van de instellingen u graag helpen.

Wat krijgt u ervoor terug?

Er zijn deelnemers bij die 20.000 scans op hun naam hebben staan. Maar er zijn ook vrijwilligers die het leuk vinden om af en toe eens een scan in te voeren. Het mag allemaal. En elke moeite wordt beloond met FryskeHannen-punten. Deze punten kunt u bij de instelling van het project inleveren tegen een kleine vergoeding, bijvoorbeeld in de vorm van het downloaden van scans of toegang tot een tentoonstelling.

Ook meedoen?

U kunt zich aanmelden, een project kiezen en beginnen!

Vragen?

Heeft u nog vragen of wilt u wat meer weten over FryskeHannen kijk dan op de contactpagina. Voor ervaringen van vrijwilligers op FryskeHannen kunt u de pagina ‘Dielnimmers oan it wurd’ bekijken.