Gebrûksfoarwearden FryskeHannen.frl

Wolkom by FryskeHannen!

FryskeHannen.frl is in website mei it doel it Fryske (en oare) erfgoed, fan argiven en musea, neier tagonklik te meitsjen mei behelp fan de ynset fan de leden fan de community fan FryskeHannen.frl. Op de site kin tagelyk oan meardere ûntslutingsprojekten wurke wurde. De projekten wurde oanmakke en beheard troch Tresoar, yn gearwurking mei de erfgoedynstellingen. Tegearre binne se as eigner fan it projekt ferantwurdlik foar de folsleine útfiering fan it projekt. Tresoar is as eigner fan FryskeHannen.frl ferantwurdlik foar de technyske fasiliteiten en it behear fan de gegevens fan de community.

Troch jo oan te melden as lid geane jo akkoart mei dizze gebrûksfoarwearden

Fan leden fan FryskeHannen.frl wurdt ferwachte dat se dizze gebrûksfoarwearden lêze en har deroan hâlde. FryskeHannen.frl behâldt him it rjocht foar om de gebrûksfoarwearden te wizigjen sûnder fan tefoaren de leden te rieplachtsjen. As de gebrûksfoarwearden wizige wurde, wurdt dat meidield yn de Nijsrubryk FryskeHannen.frl. As jo net ynstimme kinne mei in wiziging wurdt jo fersocht jo lidmaatskip te beëindigjen.

As der fermoedens besteane dat in lid him net hâldt oan dizze gebrûksfoarwearden kin Tresoar him/har ferwiderje út it ledebestân. Op it foarum fan FryskeHannen.frl pleatste berjochten kinne ferwidere wurde. In lid dat ferwidere wurdt ferliest it rjocht op in eventueel opboud tegoed oan punten.

Foarwearden foar it lidmaatskip fan FryskeHannen.frl

Leden fan FryskeHannen.frl moatte 18 jier of âlder wêze. As immen jonger as 18 jier lid wurde wol fan FryskeHannen.frl, kin hy of sy dêr in fersyk ta yntsjinje op info@FryskeHannen.frl foarsjoen fan eksplisite tastimming fan âlder of fâd. Tresoar kin leden jonger as 18 jier dy’t gjin fersyk om in lidmaatskip yntsjinne ha út it ledebestân ferwiderje.

By oanmelding moatte jo de ferplichte yn te foljen gegevens folslein en nei wierheid ynfolje. Dat jildt foar: foarnamme, efternamme, displaynamme, bertedatum en emailadres. Displaynamme is de namme dêr’t jo as lid ûnder bekend steane op FryskeHannen.frl.
De kar fan in displaynamme is frij, mei de restriksje dat it net tastien is in namme te kiezen en dêr gegevens oan te keppeljen dy’t de suggestje wekke kinne dat jo de identiteit fan immen oars oannimme. Fan de ferplichte fjilden is allinne de displaynamme altyd foar elke besiker fan FryskeHannen.frl sichtber yn it lede-oersjoch fan FryskeHannen.frl. De opsjonele fjilden wurde wol toand op jo profylside.
As jo dy gegevens net diele wolle mei oare besikers fan FryskeHannen, kinne jo se leech litte. Jo gegevens wurde allinne brûkt as it giet om jo dielname oan FryskeHannen en wurde net trochspile oan tredden.

Gedrachsregels

It is net tastien om FryskeHannen.frl te brûken op in wize dy’t yn striid is mei wetlike bepalingen of mei de sekuerens dy’t elkenien yn it maatskiplik ferkear heart nei te stribjen.

Hjirûnder stiet in net-limitative list fan foarbylden fan gedrach dat net tastien is:

  • it frustrearjen fan de goede wurking fan FryskeHannen.frl troch mei opsetsin en grutskalich foutive gegevens yn te fieren
  • it besykjen puntetegoed op te bouwen op in wize dy’t net terjochte is
  • it dwaan fan rasistyske, seksistyske of diskriminearjende uteringen
  • it hinderlik lestichfallen of yn diskredyt bringen fan oare brûkers
    fan FryskeHannen.frl
  • it sûnder tastimming sammeljen, kopiearen, bewurkjen of fersprieden fan persoanlike gegevens fan oare brûkers fan FryskeHannen.
  • it beheinen fan tredden yn it gebrûk fan FryskeHannen.frl
  • it linken fan FryskeHannen.frl nei bygelyks pornografyske sites
  • it dwaan fan kommersjele uteringen op FryskeHannen.frl
  • it fermannichfâldigjen, kopiearen of wizigjen fan de software fan FryskeHannen.frl
  • it fermannichfâldigjen, kopiearen of wizigjen fan de ynhâld fan de projekten op FryskeHannen.frl
  • it fersprieden of oerdragen fan firussen, wjirmen, defecten, Trojaanske hynders of oar materiaal mei in destruktyf karakter
  • it oannimmen fan in oare identiteit as de eigen identiteit

Yntellektuele eigendom

Leden binne sels oanspraaklik foar claims fan tredden folgjend út rjochten fan tredden op teksten of ôfbyldingen dy’t sy iepenbier meitsje op FryskeHannen.frl.

Leden jouwe Tresoar en de projekteigners it rjocht alle ynformaasje dy’t se pleatse op FryskeHannen.frl te brûken binnen de doelstellingen fan FryskeHannen.frl en fan de projekteigners. Foar elk projekt kinne projektspesifike doelstellingen formulearre wurde. As dat it gefal is, wurde dy bekend makke op de projektside fan FryskeHannen.frl

Oanspraaklikheid

Tresoar en de projekteigners binne net oanspraaklik foar wat foar skea dan ek dy’t leden ûnderfine as gefolch fan it brûken fan de website of de mooglikheid fan it brûken fan de website, noch foar wat foar oare skea dan ek oan hardware of software as gefolch fan it brûken fan de website.

Tresoar jout gjin garânsje op de beskikberens fan FryskeHannen.frl. By eventuele steuringen sil websitebouwer Picturae sa gau mooglik soargje foar reparaasje. As besletten wurdt FryskeHannen.frl te beëindigjen sil dat minimaal 4 wike foar it beëindigjen oankundige wurde. Eventueel opboud puntetegoed dat net binnen dizze perioade fersulvere wurdt komt te ferfallen.

Konfliktsitewaasjes

Op it gebrûk fan dizze site is Nederlânsk rjocht fan tapassing.

 Gebruiksvoorwaarden FryskeHannen.frl

Welkom bij FryskeHannen

FryskeHannen.frl is een website met het doel de Nederlandse erfgoedinstellingen, zoals archieven en musea nader toegankelijk te maken met hulp van de inzet van de leden van de community van FryskeHannen.frl. Op de site kan tegelijkertijd aan meerdere ontsluitingsprojecten worden gewerkt. De projecten worden aangemaakt en beheerd door erfgoedinstellingen. Een erfgoedinstelling is als eigenaar van het project verantwoordelijk voor de algehele uitvoering van het project. Picturae is als eigenaar van FryskeHannen.frl verantwoordelijk voor de technische faciliteiten en het beheer van de gegevens van de community.

Door u aan te melden als lid gaat u akkoord met deze gebruiksvoorwaarden

Leden van FryskeHannen.frl worden geacht deze gebruiksvoorwaarden te lezen en zich er aan te houden. FryskeHannen.frl behoudt zich het recht voor de gebruiksvoorwaarden te wijzigen zonder voorafgaande raadpleging van de leden. Wanneer de gebruiksvoorwaarden worden gewijzigd, wordt dit meegedeeld in de Nieuwsrubriek op FryskeHannen.frl. Wanneer u niet kunt instemmen met een wijziging wordt u verzocht uw lidmaatschap te beëindigen.

Tresoar kan leden van wie wordt vermoedt dat ze zich niet houden aan deze gebruiksvoorwaarden verwijderen uit het ledenbestand. Op het forum van FryskeHannen.frl geplaatste berichten kunnen worden verwijderd. Een lid dat verwijderd wordt verliest het recht op eventueel opgebouwd tegoed aan punten.

Voorwaarden om lid te mogen worden van FryskeHannen.frl

Leden van FryskeHannen.frl moeten 18 jaar of ouder zijn. Als iemand jonger dan 18 jaar lid wil worden van FryskeHannen.frl kan hij of zij daartoe een verzoek indienen op info@FryskeHannen.frl voorzien van expliciete toestemming van ouder of voogd. Picturae kan leden jonger dan 18 jaar die geen verzoek tot lidmaatschap hebben ingediend uit het ledenbestand verwijderen.

Bij aanmelding dient u de verplicht in te vullen gegevens volledig en naar waarheid in te vullen. Dit betreft: voornaam, achternaam, displaynaam, geboortedatum en emailadres. Displaynaam is de naam waaronder u als lid bekend staat op FryskeHannen.frl. De keuze van een displaynaam is vrij, met de restrictie dat het niet is toegestaan een naam te kiezen en gegevens daaraan te koppelen waarmee de suggestie gewekt kan worden dat u de identiteit van iemand anders aanneemt. Van de verplichte velden is alleen de displaynaam altijd voor iedere bezoeker van FryskeHannen.frl zichtbaar in het ledenoverzicht van FryskeHannen.frl. De optionele velden worden wel getoond op uw profielpagina. Indien u deze gegevens niet wil delen met andere bezoekers van Vele Handen, kunt u ze leeg laten. Uw gegevens worden alleen gebruikt voor zover uw deelname aan FryskeHannen en worden niet doorgespeeld aan derden.

Gedragsregels

Het is niet toegestaan FryskeHannen.frl te gebruiken op een wijze waardoor u handelt in strijd met wettelijke bepalingen of in strijd met de zorgvuldigheid die een ieder in het maatschappelijk verkeer betaamt.

Een niet-limitatieve lijst van voorbeelden van gedrag dat niet is toegestaan is, het:

  • frustreren van de goede werking van FryskeHannen.frl door bewust en grootschalig foutieve gegevens in te voeren
  • trachten op onterechte wijze puntentegoed op te bouwen
  • doen van racistische, seksistische of discriminerende uitingen
  • hinderlijk lastigvallen of in diskrediet brengen van andere gebruikers van FryskeHannen.frl
  • persoonlijke gegevens van andere gebruikers van FryskeHannen.frl zonder hun toestemming verzamelen, kopiëren, bewerken of verspreiden
  • derden beperken van het gebruik van FryskeHannen.frl
  • linken van FryskeHannen.frl naar bijvoorbeeld pornografische sites
  • doen van commerciële uitingen op FryskeHannen.frl
  • verveelvoudigen, kopiëren of wijzigen van de software van FryskeHannen.frl
  • verveelvoudigen, kopiëren of wijzigen van de inhoud van de projecten op FryskeHannen.frl
  • verspreiden van virussen, wormen, defecten, Trojaanse paarden of ander materiaal met een destructief karakter overdragen
  • aannemen van een andere identiteit dan de eigen identiteit

Intellectuele eigendom

Leden zijn zelf aansprakelijk voor claims van derden voortvloeiend uit rechten van derden op teksten of afbeeldingen die zij openbaar maken op FryskeHannen.frl.

Leden geven Picturae en de projecteigenaren het recht alle informatie die zij plaatsen op FryskeHannen.frl te gebruiken binnen de doelstellingen van FryskeHannen.frl en van de projecteigenaren. Per project kunnen projectspecifieke doelstellingen worden geformuleerd. Als dat het geval is, worden die bekend gemaakt op de projectpagina van FryskeHannen.frl

Aansprakelijkheid

Tresoar en de projecteigenaren zijn niet aansprakelijk voor enige schade geleden door leden als gevolg van het gebruik van de website of de mogelijkheid van het gebruik van de website, noch voor enige andere schade aan hardware of software als gevolg van gebruik van de website.
Tresoar geeft geen garantie op de beschikbaarheid van FryskeHannen.frl. Bij eventuele storingen zal websitebouwer Picturae zo spoedig mogelijk herstel bewerkstelligen. Wanneer besloten wordt FryskeHannen.frl te beëindigen zal dit minimaal 4 weken voor beëindiging worden aangekondigd. Eventueel opgebouwd puntentegoed dat niet binnen deze periode wordt verzilverd komt te vervallen.

Geschillen

Op gebruik van deze site is Nederlands recht van toepassing.