Omrop Fryslân siket help by radio- en telefyzjeargyf

Tûzenen oeren oan âlde radio- en telefyzjeopnamen fan Omrop Fryslân binne digitalisearre. It doel is dy opnamen yn de takomst foar elkenien online beskikber te stellen. Om it online argyf goed trochsykber te meitsjen siket Omrop Fryslân helpende hannen.

10 novimber 2017

Tûzenen oeren oan âlde radio- en telefyzjeopnamen fan Omrop Fryslân binne digitalisearre. It doel is dy opnamen yn de takomst foar elkenien online beskikber te stellen. Om it online argyf goed trochsykber te meitsjen siket Omrop Fryslân helpende hannen.

Elkenien kin efter de eigen kompjûter in bydrage leverje oan it ynfieren fan de ynformaasje. Dy ynformaasje stiet op 10.000 scans fan de bânhoezen en yndeksfellen fan de digitalisearre audio- en fideobannen. De ynfierde gegevens wurde letter taheakke oan it argyf, sadat bygelyks mei trefwurden socht wurde kin nei de opnamen.  

De opnamen en ynformaasje wurde ek taheakke oan it ynterne digitale argyf by Omrop Fryslân. Op dy wize kin it materiaal nochris werhelle wurde of brûkt wurde yn nije útstjoeringen. Wa wit wat foar nijsgjirrige fynsten der noch foar it ljocht komme!

Foar de minsken dy’t meihelpe wolle, kin it ek noch wat opsmite. Oan de ynfier en kontrôle fan de gegevens wurde punten takend. Dêrmei kin bygelyks in aardige Omrop-attinsje fertsjinne wurde. Helpe jo ek mei?

Oer de radio-opnamen: FAME
Foar it online argyf binne 2300 oeren oan âlde radio-opnamen, fan de jierren fyftich fan de foarige iuw ôf, digitalisearre. Om dat materiaal digitaal beskikber en tagonklik te meitsjen is yn it projekt FAME gearwurke mei ûnder oare de Radboud Universiteit, Tresoar en de Fryske Akademy. Dêrby is software ûntwikkele foar spraak- en sprekkerswerkenning en in sykprogramma. As it digitale argyf yn july 2018 beskikber komt is der 3,5 jier oan wurke. Sjoch foar mear ynformaasje op Fame.frl.