Tresoar bedankt vrijwilligers met rondleiding en lezing

Moandeitejûn 24 april hie Tresoar de doarren iepene foar de ynfierders fan FryskeHannen. Mei in rûnlieding troch de depots en in lêzing fan Peter Karstkarel woe Tresoar graach tank sizze oan alle frijwilligers.

25 april 2017

Moandeitejûn 24 april hie Tresoar de doarren iepene foar de ynfierders fan FryskeHannen. Nei ûntfangst mei kofje en tee wie der in rûnlieding troch it gebou, de boekbindery en de depots. Keunsthistoarikus en arsjitektuerkenner Peter Karstkarel fersoarge dêrnei in ynteressante lêzing oer de grêfkultuer yn Fryslân: de bysûndere stiennen, de bylden en kelders, de symbolyk en ek de tryste ferhalen achter de famyljedrama's dy't ûntbleate wurde op de mei mosk bedekte grêfmonuminten.

Tresoar woe hjirmei tank sizze oan alle frijwilligers dy't meiwurkje oan FryskeHannen en dêrmei oan it beskikber en trochsykber meitsjen fan ús Fryske erfguod. Yn de takomst sille wy faker dit soart gearkomsten organisearje dy't keppele binne oan de projekttema's op FryskeHannen.
 

Maandagavond 24 april heeft Tresoar de deuren geopend voor de invoerders van FryskeHannen. Na ontvangst met koffie en thee was er een rondleiding door het gebouw, de boekbinderij en de depots. Kunsthistoricus en architectuurkenner Peter Karstkarel verzorgde daarna een interessante lezing over de grafcultuur in Fryslân: de bijzondere stenen, de beelden en de kelders, de symboliek en ook de trieste verhalen achter de familiedrama's die zichtbaar zijn op de met mos bedekte grafmonumenten.

Tresoar wilde hiermee alle vrijwilligers bedanken die meewerken aan FryskeHannen en daarmee aan het beschikbaar en doorzoekbaar maken van ons Friese erfgoed. In de toekomst zal Tresoar vaker dit soort bijeenkomsten organiseren die gekoppeld zijn aan de projectthema's op FryskeHannen.