Vondst van 15.000 onderduikkaarten

In Burgwerd zijn vijftien doosjes gevonden met een serie tot nog toe onbekende onderduikkaarten. Het gaat totaal om ca. 15.000 kaartjes en formulieren die betrekking hebben op bijna 2000 onderduikers in Sneek.

30 jannewaris 2017

It bysûndere fan de nije fynst is de folsleinens fan de administraasje. Fan alle ûnderdûkers binne meastentiids sân dokuminten bewarre bleaun (in formulier, sa't wy dat kenne fan Drachten, in registraasjekaart, sa't wy dy kenne fan Ljouwert en in dûkkaart, dy't in soad op de registraasjekaart liket). Fan alle kaarten/formulieren binne boppedat meardere eksimplaren oerlevere.

De oanbelangjende doaskes binne foar it ljocht kommen by de Stifting Snits 1940-1945. Nei oanlieding fan it Underdûkersprojekt dêr't op dit stuit by Tresoar (yn gearwurking mei it Fries Verzetsmuseum en Herinneringscentrum Kamp Westerbork) oan wurke wurdt, setten sy útein mei in ûndersyk yn harren eigen argyf mei de nijsgjirrige fynst ta gefolch. De nije oanwinst sil meinommen wurde yn it projekt. Alle dokuminten wurde earst scand. Dêrnei komme de scans op de www.fryskehannen.frl te stean.

Mear ynformaasje hjiroer folget ynkoarten.

 

Het bijzondere van de nieuwe vondst is de compleetheid van de administratie. Van elke onderduiker zijn meestal zeven documenten (een formulier, zoals we dat kennen van Drachten, een registratiekaart, zoals we die kennen van Leeuwarden en een duikkaart, die veel op de registratiekaart lijkt). Van elk(e) kaart/formulier zijn bovendien meerdere exemplaren overgeleverd.

De betreffende doosjes zijn tevoorschijn gekomen bij de Stichting Sneek 1940-1945. Naar aanleiding van het Onderduikersproject waar momenteel bij Tresoar (in samenwerking met het Fries Verzetsmuseum en Herinneringscentrum Kamp Westerbork) aan wordt gewerkt, startten ze een onderzoek in hun eigen archief met de verrassende vondst tot gevolg. Deze nieuwe aanwinst zal mee genomen worden in het project. Alle documenten worden eerst gescand. Daarna komen de scans op www.fryskehannen.frl te staan.

Zodra dat het geval is volgt er meer informatie.